Wês do mar in moaie jonge, in spikerbroek-reklameboy
Meitsje do mar hits en jild mei dyn populêre rotsoai
Op in dei ha se genôch fan dyn nijmoadrige s***
En dan is it kâld en iensum as dyn publyk dy gau ferjit
Salang ik libje, sûn bin en goed
Salang sil ik sjonge, want ik ha sjongersbloed
By ús yn 't doarp op skoalle songen wy faak yn koar
master sei: "Hold do dy mar stil, do hast der gjin stim foar"
Mar al dy goeie sjongers út dy goeie âlde tiid
Binn' nearne mear te hearren en ik sjong frij en bliid
Us pake, song ek al en joech my goeie rie:
"Lit it dy nea ûntnimme jonge, in oar soe wolle dat er
it ek hie. It sit no ien kear yn dy, nee hâld der nea mei
op en kinn' se 't net wurdearje, dan pakke se mar op"