Rein, rein, rein, dript by myn dak omleech
rein, rein, rein, ik bliuw as in bolle sa steech
rein, rein, rein, dript by myn ruten del
mei bakken komt it út 'e himel, telâne yn 'e hel
Paulusma seit dat der sinne komt
en Krol swaait wer wakker mei syn fûsten yn it rûn
mar ik wit it wetter stiet ús oan 'e knibbels ta
we steane op weake grûn
De bern hast dropt yn in bernekres
jûns sitte se by muoike Neel
en ik mei se fan de rjochter net mear sjen
mar ek do litst se no knap yn 'e steek
Do naamst myn bêste maat as partner
'k moat sizze ek dat spyt my net mear
'k moast laitsje doe 't ik jim betrape
'k seach jim en de wierheid neaken en bleat
Rein, rein, rein, dript by myn dak omleech
mar ik sit hjir goed, ik sit hjir heech en dreech
rein, rein, rein, o ja drip mar ta
do hast dochs nea begripe kinnen, dat ik hjir in
prachtich plakje ha
Ierdappels driuwe yn 'e drits
kij glydzje troch de drek
skiep swimme troch it lân lykas fisk
en alle boeren wurde gek
De hinnen lizze gjin aaien mear
de hoanne is al dagen oerstjoer
hy kraait mar troch de godgânske dei
en de molke dy 't de geit jout is soer
De hûn hoecht fan ellinde ek al gjin fretten mear
en de kat is al moannen útfanhûs
ja alles komt op 'e kop ferkeard
mar ik fiel my sûnt tiden net sa goed
(en it komt troch de . . . )