.

Reflektearjende Ruerd Lyrics

Hy wie noch mar in jonkje fan in jier as seis
doe gie er foar it earst nei't strân op skoallereis
noch nea earder hie er bleat stien oan felle sinneskyn
en fuort yn ienkear waarden alle baaigasten blyn
mei: Reflektearjende Ruerd yn'e buert
Troch de plysje waard er oppakt en hy waard oeral bekend
gelearden seagen raar op fan syn frjemd soart pigmint
"Oerdeis gjin klean mear út!", dat waard him troch de steat oplein
en oeral wer't er kaam waard mei skrik troch minsken sein:
"Reflektearjende Ruerd, is yn'e buert"
Sinnebrillen op, sinneskermen del
doch jim eagen ticht, hjir is wer dy jonge mei dat skiere wite fel
Reflektearjende Ruerd, is yn'e buert
Reflektearjende Ruerd, is yn'e buert
Reflektearjende Ruerd

Samar even kuierje, dat mocht er ek net mear
hy wie in grut gefaar foar it deistich dykferkear
automobilisten fleagen samar yn'e sleat
ja mei de ljochten op, no dan seagen sy wier neat
mei: Reflektearjende Ruurd yn'e buert
Hy wennet no allinne earne efterôf yn't lân
en de minsken ha al tiden gjin lêst mear fan him hân
hy wurdt no ryk fan't kweekjen fan griente yn in kas
hy betellet gjin elektrysk en hat gjin ferlet fan gas
want: Reflektearjende Ruerd is yn'e buert
Report lyrics
Timmermantsjoender (1996)
Brêgewipper Shanty Mem Har Pop Reflektearjende Ruerd Timmermantsjoender Pake Syn Wein Dykskiep Mercedes Benz Weagen Beppe Keatsbal Bêst Genôch Pleatsen Yn 'e Brân De Cocktailpolka It Wiif Fan Skele Jan Blyn Al Myn Gelok Wite Fûgel