.

Bealch Fol Drank Lyrics

Ik rin hjir allinne, troch de rein
myn klean binn' fersliten, myn skuon tenein
myn leafste Sjoukje, se sei: "Kom no gau, ju"
mar it wurdt wol wat lestich want, ik ha 't fersjoen op Boukje
en Boukje is fan Douwe, syn broer Jerke is in sterke
wêr moat ik hinne, wêr moat ik my ferberchje
De bealch fol drank, smoke as in ketter
tige by tige en it wurdt net better letter
Kommende wike nei 't Amelân
miskien sjoch ik Boukje dêr op it waarme strân
't is altyd better dan hjir allinne yn de rein
ik moat noch nei hûs ta, dat is in ferdomd lang ein

Ik ha gjin lef, ik ha gjin moed
dus ik moat mar wer nei Sjoukjes hûs
ik sliep nachts net, ik bin kapot
dus ik smook en ik sûp en ik skriem mar wat
Report lyrics