.

104 Lyrics

Sil ik dy sizze, wat ik hjoed kocht
In weintsje sa geef en de priis hast om 'e nocht
Ik wit sekuer, ik krij nea myn nocht
150 op 'e dyk en 80 yn 'e bocht
myn 104, Peugeot 104 (2x)
It is in p***k, O, wat in pracht
(It is in) 104, Peugeot 104 (2x)
Sil ik dy sizze, wat my hjir hjoed brocht
It weintsje wêr 't ik al salang om socht
Ik ryd as in prins troch stêd en lân
Ik ha noch nea sa'n moai karke hân
Hee, leaf lyts famke stap yn myn wein
Dan ride wy tegearre in ein
Mar sy sei, "Ik ha gjin ferlet,
sels ha ik in Opel Kadett!"
"Dat ha 'k gâns leaver dan,
dat ha 'k folle leaver dan dyn . . . "
Report lyrics