.

Sûnder Dy Lyrics

Wa soe ik wêze, wa soe ik wêze
Ast do hjir net west hiest
Dyn leave leafde as in deistich fers
Fertelt it ferhaal fan de rykdom de striid
Hoe soe it wêze, hoe soe it wêze
As ik foar dy net bestie
Wiest as it skaat as in maat dy't op myn skouder sit
Hoe soe it west ha sûnder dy
Myn swarte trui, myn grize jas
Ferbeane boeken yn myn kast
Strúnst om my hinne in dit riekerige nêst
Do bist it publyk ik bin dyn slaaf
Wa soe ik wêze, wa soe ik wêze as ik foar dy net bestie
Bist as it skaat in maat dy't op myn skouder sit
Wer soe ik west ha sûnder dy

Lit my no mar dronken wurde
Blues, mei goedkeape flessen wyn
En lit my no mar gean myn leafste, myn leafste
Miskien dat ik mysels dan fyn
En wer soe ik wêze, wer soe ik wêze
Ast do hjir net wer stiest
Lit mei no mar janke famke
Ôfsletten fan dyn wrâld
Yn in keamer mei allinne de stilte
En mei dyn rook noch om my hinne
Ik hâld dy fest myn leafste ek al wit ik better myn skat
Do wiest as in skaat in maat dy't op myn skouder siet
Hoe soe myn libben west ha sûnder dy

En lit my no mar dronken wurde
Blues, mei goedkeape flessen wyn
En lit my no mar gean myn leafste, myn leafste
Miskien dat ik mysels dan fyn
En wer soe ik wêze, wer soe ik wêze
Ast do hjir net west hiest
Jou my dyn leafde do leafste
Jou my dyn leafde myn leafste leaf
Jou my mar myn leafde do leafste
Jou my mar dyn leafde do leafste leaf
Jou my mar myn leafde do leafste
Jou my dyn leafde do leafste leaf
Jou my mar myn leafde do leafste
Jou my mar dyn leafde do leafste leaf,

Lit my no mar dronken wurde
Blues, mei goedkeape flessen wyn
En lit my no mar gean myn leafste, myn leafste
Miskien dat ik mysels dan fyn
En wer soe ik wêze, wer soe ik wêze
Myn libben sûnder dy
Report lyrics
Top Swee Lyrics