.

Suzanne Lyrics

Suzanne nimt dy mei
nei har wente oan it wetter
Hearst de boaten dy't foarby gean
yn har earmen fielst de dining
En do witst dat sy moai gek is
Dêrom wolsto by har wêze
En se komt mei tee en passyfrucht
út it fiere fiere Sina
En al soest eins sizze wolle
Ik kin dy gjin leafde skinke
nimt se dy mei op har wjukken
en se lit de weagen sizze
sy wie dyn leafste leafde

En do wolst de reis wol oangean
Blynseach wolsto har wol folgje
En se kin op dy fertrouwe
want do rekkest oan her wêzen mei dyn siel

En Jezus wie in fisker
Doe't er rún oer it wetter
gunde er him de tiid te skôgjen
fanút syn iens'me houten hichte
En doe't er wis wie dat noch inkeld
in drinkeling him sjen koe
sei er: Minsken binne seelju
oant de see harren wer frij lit
Mar hy sels wie doe al brutsen
lang foar't de himel iepengie
Hast breklik, as in minske
sonk hy yn ús djipste witten as in stien
En do wolst de reis wol oangean
Blynseach wolsto him wol folgje
En do wolst him wol fertrouwe
want hy rekket oan dyn wêzen mei syn siel
No nimt Suzanne dyn hân
en se bringt dy nei it wetter
Se draacht bûnte klean en fearren
by de heilssoldaten garre
En de sinne streamt as huning
op de frouwe fan de haven *)
En se wiist dy wêr'sto sjen moatst
tusken ûnrant en de blommen
Asto sjen wolst bin der helden
Bern dy't boartsje yn de moarntiid
dy't longerje nei de leafde
En dy langst sil altyd bliuwe
wylst Suzanne de spegel foarhâldt

En do doarst de reis wol oangean
Blynseach wolst har wol folgje
En do kinst op har fertrouwe
want sy rekke mei har wezen oan dyn siel
Report lyrics
Top Roel Slofstra Lyrics