.

Marije maria Lyrics

sa asto dêr stiest sa fier en rjochtop
Marije ik ken dy salang
sa ast nei my sjochst, ik wit datst 't kinst
Marije wês mar net bang
as ien my doe sein hie, dat God graach in bern woe
Marije dan tocht ik oan dy
ik sjoch nei dyn eagen, dyn mûle dyn búk
Marije it is gjin fantasy
wy boarten tegearre yn it sân yn de sinne
Marije ik ken dy sa lang
de faam fan myn dreamen dy't ik oerdei hie
Marije hoe faak ha 'k it sein
sa asto dêr rinst blier en útdaagjend
Marije sa moai en sa pril
ik leaude fuortdaliks, dat Hy by dy kaam
Marije ik hâld it wol stil
do bist in frou foar in wonder, as faam al bysonder
Marije do kinst it wol oan
frou út de dreamen fan safolle minsken
Marije sa moai en gewoan
wy boarten tegearre yn it sân yn de sinne
Marije ik ken dy sa lang
de faam fan myn dreamen dy't ik oerdei hie
Marije hoe faak ha 'k it sein
Marije, Maria, Marije wy hâlde fan dy
Marije, Maria, Marije wy hâlde fan dy
Marije, Maria, Marije wy hâlde fan dy
Report lyrics
De Oere O #1 (2000)
Paradys (#1) Simmersliep It fromme folk Oarlochstiid Hein De lêste nacht (la-da-di-da) Marije maria Nim my mei Doch de raaie Nije kleuren, nije bisten Hark hark Noch 9 dagen Djip yn myn siel