Wite fûgel oer it wiid
do fljochst dêr heech, sa sterk, sa blier
ik wol mei dy meigean, it kin net skele wêr nei ta
ik wol krekt sa fleane, witte fier
Wite fûgel yn de loft
do fljochst dêr heech mei alle nocht
nimmen kin dy pakke, do bist dyn eigen baas
do giest gewoan dyn eigen fljocht
Swarte fûgel yn 'e see
sa te stjerren is in hurde striid
it swarte wetter leit dyn wjukken lam
do silst nea wer fleane oer it wiid
do silst nea wer fleane . . .