.

Timmermantsjoender Lyrics

Do leauwst net in mearkes
Net yn in frjemd soart fan krêft
Mar do hopest doch stil op in wûnder seist sêft
Do leauwst net in alles mar do kinst alles ha
Leauw mar yn my en winskje mar ta
In baaikeamer, in keuken mei alle lúkse derby
Ik ha't wol drok, mar foar dy bin'k altyd frij
Ik ha in protte maten, de skilder, de stukadoar
En ek de elektrisiteitsman dus wy krije alles foarelkoar

Want ik bin in
Timmermantsjoender, geef en fertroud
Ik ha yn myn libben al hiel wat opboud
Ik wurkje mei pur, gips, kit en hout
It reitsje it oan en it feroaret in goud
Se giene nei de MAVO : Sybren, Durk en André)
Ik helle krekt de LTS, sy de WW
Foar my gjin stúdzjebeurs, gjin Ovjaarkaart en sa
Ik wie mei sechstjin al oan it wurk en elke baas wol my ha !
Ik ha no sûnt jierren in iemansbedriuw
Ik ha in grutte wein, in protte ark en reau
Ik ha gouden hannen fanke, en in izeren liif
En al wat ik sykje is in timmermantsjoenderswiif

(c) Piter Wilkins
Report lyrics
Timmermantsjoender (1996)
Brêgewipper Shanty Mem Har Pop Reflektearjende Ruerd Timmermantsjoender Pake Syn Wein Dykskiep Mercedes Benz Weagen Beppe Keatsbal Bêst Genôch Pleatsen Yn 'e Brân De Cocktailpolka It Wiif Fan Skele Jan Blyn Al Myn Gelok Wite Fûgel