.

Pake Syn Wein Lyrics

Ik seach okkerdeis in foto fan in âld Dauphine
en ik tocht by mysels hoe koene wy der ea yn
ik moat laitsje as ik wer werom tink oan dy tiid
it wie pake's earste auto en wat wie er bliid
Hy siet grutsk efter't stjoer mei in grouwe sigaar yn pake syn wein
en op'e ein fan de rit allegear mislik en raar yn pake syn wein
Broer en ik sieten tusken beppe en mem yn
op' e efterbank, sy drukten ús hast fyn
heit lies de kaart en siet neist pake moai rom
mei suske op skurte, wy hiene kwalik gong

As it moai waar wie en it wie snein, giene we te riden in hiel ein, yn pake syn wein

Beppe stonk nei klonje en heit stonk nei 'Fresh-up' yn pake syn wein
mar it rútsje mocht net iepen want dan siigde it te bot yn pake syn wein
Mem hie de jûns tefoaren broadsjes smard
dus ite, ite, ite, ja sy hold ús koart
mar wy hiene 'Exota' foar de hiele dei
en wy krigen faaks in ijsko dus wy woene altyd mei

Wy songen âlde ferskes en wy laken hiel wat ôf yn pake syn wein
fan heit syn flauwe grappen krigen wy mar net genôch yn pake syn wein
Om it h***tsje stopje omdat der ien sa noadich moast
efkes gau yn' e berm mar úteinlik dochs net doarst
mar dan koene dochs de skonken even rjocht
en "Plank gas pake!" en wer fierder mei de tocht

Ja it wie doe wol in moaie tiid, yn pake syn wein
de simmers wiene lang en Fryslân wiid, yn pake syn wein

In hiele dei klam foar in kertierke bosk as strân
brodzich en gear, mar we ha it moai hân
en ik fielde my feilich en as in kening sa ryk
want ús pake hie in auto op' e dyk
Report lyrics
Timmermantsjoender (1996)
Brêgewipper Shanty Mem Har Pop Reflektearjende Ruerd Timmermantsjoender Pake Syn Wein Dykskiep Mercedes Benz Weagen Beppe Keatsbal Bêst Genôch Pleatsen Yn 'e Brân De Cocktailpolka It Wiif Fan Skele Jan Blyn Al Myn Gelok Wite Fûgel