.

De Kening Fan De Greide Lyrics

Gjin sleat is my te wiid, ik kin oeral hinne gean
Gjin hikke my te heech, 'k bin in atletysk fenomeen

Ik bin de kening fan de greide, fanke
en myn namme is wiid ferneamd
Mei myn polsstôk oer it skouder
bin ik wêr 't eltse frou fan dreamt
Ik ljep oer alle sleatten en fiel my ek yn it wetter thús
Ik rin yn myn bleate bealch en draach in learke foar myn krús
Ik waard fûn troch in âld skiep, se brocht my grut as har eigen laam
Sa waard ik de Tarzan fan de skiep, heal man, heal raam

Moarns train ik mei de hynders, lekker drave op it sân
Jûns sjong ik yn it koar mei alle fûgels fan it polderlân

Ja, de famkes fan de maneezje, dy ride gauris troch myn lân
Dan swaai ik wat mei myn polsstôk en se ite út myn hân

Se wie delstoart mei har F-16 en se kloppe op myn doar
As in ingel út 'e himel en jawis ik wie fuort smoar
Se sei: "Ik Jane, do Tarzan!" en wy tuten mei elkoar
Ik kin lêze en ik kin skriuwe mei alle bisten fan it fjild
Ik kin alle frjemde talen fan it Fean oant it Bildt
Report lyrics