Swierichheden fan hokker aard ek
hy rêdt dy altyd, dizze man is echt te gek
hy is heftrúksjauffeur
Op him driuwt ús hiele ekonomy
foar ús bidriuw ûnmisber, in transportsjeny
hy is heftrúksjauffeur
Hy is de man dy 't alles kin
we hâlde altyd in goed sin
fier de produksje noch wat op
hy hat nea heard fan it wurdsje "stop"
Gjin gedonder, gjin geseur, hjir is ús heftrúksjauffeur
libje de heftrúksjauffeur
Nea wer swier tille, nea wer mank en stiif
gjin pine yn 'e bealch net mear in ferskuord liif
troch de heftrúksjauffeur, libje de heftrúksjauffeur
Stiet dy wat yn 't paad of binne dyn jildsoargen dreech
is it it stek fan buorman of krijst 'm net omheech
skilje de heftrúksjauffeur, libje de heftrúksjauffeur
Alles wat bryk stiet set hy wer rjocht
dêr komt er oan op twa tsjillen troch de bocht
alles wat plat leit set hy wer oerein
in ingel yn in lytse sterke wein

Hy docht alles mei syn trúk en is sels net folle wûn
hy sit altyd op syn gat en is net mear sa botte sûn
earme heftrúksjauffeur
Hy tilt 'm in breuk oan de boadskippen thús
syn wein yn de revyzje, dan hy yn 't sikenhús
earme heftrúksjauffeur
Ja hy sit wer yn 'e syktewet
en der wurdt gjin wurk mear ferset
de konkurrinsje wurdt sliependewei ryk
it fabryk leit stil, de baas yn panyk
Wat in gedonder, wat in maleur, mei ús heftrúksjauffeur