.

De alde Boekebeam Lyrics

My is ferteld: "Ha in petear mei beamen yn it bosk
As 't do it deistich jachtsjen en geflean ûntrinne wolst
Praat mei beamen yn it bosk, dêr wurdst rêstich fan
Fan dy positive enerzjy wurdst do wer in nij' man"
Sûnt koart ha 'k no in praatgroep fûn, foar in praatsje bin ik klear
Twa bjirken en in âlde boek sille mei my yn petear
Ja, de wiisheid fan sa 'n âlde boek jout minsken wer in doel
Dat enerzjyfjild om syn stam jout sa 'n waarm gefoel

ref.: En ik mar harkje nei de âlde boekebeam
Fertel my in ferhaal wêr 't ik plat fear gean
En ik mar harkje nei de âlde boekebeam
Mar al wat hy fertelde, ik koe it net ferstean

D'r is neat wêr 'st net oer prate kinst, ja, dat is my ferteld
Oer 't libben of relaasjes, do stiest d'r fan fersteld
Ek soenen beamen humor ha, it klinkt miskien wat stom
Mar fertel in mop, dan leit it bosk fan it laitsjen wer 's
krom
ref.

Nee, ik leau d'r hielendal gjin bliksem fan
Dat new-age gedoch wol d'r wier by my net yn
Nee, ik leau d'r hielendal gjin bliksem fan
It is in poppekast, dat is wat ik d'r fan fyn
It geëamel fan de âlde boek stie my net mear oan
Syn gefoel fear humor hie it by my bedoarn
In seage hat syn wurk no dien, de âlde boek leit om
It hout is yn 'e kachel gien, dy beam komt noait werom

ref.: No siet ik by it fjoer fan de âlde boekebeam
De waarmte dy 't ik fielde, ik wie te skeptysk west
Ik siet by it fjoer fan de âlde boekebeam
De waarmte dy 't de beam my joech foldie my tige best

De enerzjy fan de âlde boek foldie my tige best
Report lyrics
't Aardse Juk (1998)
Het oordeel Pjukke pjuts polka 't Aardse juk De alde Boekebeam Terts-tjes Oars as in oar Andere Tijden Mich yn de pot Kreupel over het balkon Sal Peter Ameland De kast Laat me niet vergaan Tin Ijs Pim & Wim Louloene Loltsje Het ging voorbij De sok van Kromme Jan Jeen v.d. Berg