.

Man op it sân Lyrics

MAN OP IT SÂN

man op it sân
wêr komsto wei
doe't fan 'e jûn de rein foel
kaamsto út de klaai
bisto fan wetter
nee, net fan wetter
bisto fan ierde
nee, net fan ierde
wat soesto wêze wolle
frij as in flinter

man op it sân
wa makke dy
doe't fan 'e jûn de rein foel
stiest hjir foar my
no datsto gien bist
sjoch ik gjin blommen
hear ik gjin fûgel sjongen
myn hert is ferklomme

man op it sân
wêr komsto wei
doe't fan 'e jûn de rein foel
kaamsto út de klaai
man op it sân
wa makke dy
doe't fan 'e jûn de rein foel
stiest hjir foar my

Tekst: Nynke Laverman
Muziek: traditional (Mexico)
Report lyrics
De Maisfrou (2006)
Gjin begjin Riedsel Man op it sân De wite moarne Myn blauwe bruja Praat fan de wyn Salang Fan dy langstme Leafdesbang Oant de diggels Weefsel Por mi pasión Syn brief Swarte ierde Kear De frou fan mais Bonustrack: Hambre del alma