.

Hallelujah Lyrics

Ik hearde fan 't geheim akkoard
dat David brocht ta Gods gehoar
Mar psalmgesang hat dy nea ynteressearre
It wûnder fan trep fjouwer, trep fiif
de fal yn mineur, as majeur ferriist
Ferbjustere skoep hy it Hallelujah
Hallelujah

Dyn leauwe moast bewizen ha
Doe seachst har baaien op it dak
Sok moais yn 't moanneljocht, do koest wol stjerre
Sy naam dy nei har keamer mei
sûchde alle krêften út dy wei
en twong dy ta in nuodlik Hallelujah

Hallelujah
Ach leafste, ik ha hjir earder sjoan
dit bêd besliept, de flier berûn
Allinnich wie der earder as tegearre
Ik seach de flagge op dyn kastiel
mar leafde is gjin oerwinningsmiel
't Is in kâld en brutsen Hallelujah

Hallelujah

Der wie in tiid datst by my wiest
en my dyn wêzen fiele liests
Wêrom't dat oer is, hasto nea ferklearre
Mar ferjit net wa'sto wiest yn my
hoe't wy ús mei de himel frijden
elke azemstjit wie Hallelujah
Hallelujah

Miskien dat der in god bestiet
Mar al wat ik fan leafde wit
is hoe te slaan ne wa 't myn lok skansearret
't Is gjin geskriem, jins rie tenein
en ek gjin fromme psalm op snein
't Is in kâld en brutsen Hallelujah

Hallelujah
Report lyrics