FOAR DE FIERE PRINS
Nea wer komme wy tegearre:
Wreed twong de wrâld ús nei elts in oare helte.
Wy sjogge soms beide yn ´e nacht nei de stjerren,
Mar de stjêr en de tiid binne nea deselde.
Dyn lân leit sa fier fan myn lân:
Fan it ljocht oant it allerdjipste tsjuster - sa fier,
Dat ik rêstleas op reis, op wjukken fan langstme,
Dy groetsje soe mei twa eagen fan deastriid al skier.
Tink ris, dat it wier is dat troch grutte dreamen
Sels it swierste langstme oerbrocht wurde sil,
Droegen wurde sil nei de allerfierste stjêr:
Eltse nacht sil ik dan komme, by dy.