.

Lit jim gean Friezen Lyrics

Friezen spatte eins amper út 'e bân
Wy binn' bekend as 't folk fan 'tuike, tuike oan'
Us 'ja' is 'ja', ús 'nee' is 'nee',
en as sy freegje: 'hoe 'st mei dy'
Dan 'koe't wol minder'
en dat 's al better as gewoan
In Fries allinnich rekket nearne fan oerstjoer
Ek al baarnt der yn him noch sa'n hillich fjoer
Mar binn' wy mear as mei ús trijen, binn' wy net mear stil te krijen
Leit de massa-hystery fuort op 'e loer

Kearsang:
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean
Jimm' moatte roppe, raz' en balte
Krekt as binn' jim net al te al te
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean

Nei twa kear nachtfroast wol de Hollanner der foar
Hy ropt om 't hurdst: 'de tocht der tochten, die gaat door'
Mar wy Friezen witte better, iis is samar ek wer wetter
En dus hâlde wy de kiezzen op elkoar
Mar hearre wy Henk Kroes dan sizzen: 'it giet oan'
Ferlieze al dy nochtere Friezen har ferstân
Mei op 'e kop in 'Unox-petsje' en by elk befrezen sleatsje
Stean de kampioenen fan it ûnferstân

Kearsang:
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean
Jimm' moatte roppe, raz' en balte
Krekt as binn' jim net al te al te
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
En bliuwt it winters alle nachten boppe nul
Dan gau nei Tsjalf op 't Hearrenfean mei 't hiele spul
Nei Tony, Ids en rappe Rintsje
oe wat in kontsje hat dat fintsje
't Giet hjir om goud, nee dit is echt gjin flauwekul
En al is ús pake fiifensantich jier
De holle read-wyt-blau, hy farvet sels it hier
En giet de 'wave' dan oer de banken,
kin ús pake hast wol janke
Mar hy 'waved' mei, al docht it sear,
ja stjerrend' wier

Kearsang:
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean
Jimm' moatte roppe, raz' en balte
Krekt as binn' jim net al te al te
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
En yn dat stadion dat, nei Abe is ferneamd
Heart elke fuotbalgek dochs út syn dak te gean
Mar 'k hear amper minsken sjongen,
se koenen wol lêst ha fan de longen
Binn' dit no werklik wol de fans fan 't Hearrenfean
Earst as it goed giet, fielt de Fries him dan ferbûn
Klinkt yn De Kuip it Frysk folksliet sels yn 't rûn
En al snapt gjin spiler wat wy roppe,
wy sjonge troch, dan mar foar Foppe
Wy hâlde fol, al wurde wy noait ris kampioen

Kearsang:
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean
Jimm' moatte roppe, raz' en balte
Krekt as binn' jim net al te al te
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Report lyrics
Dizze Stoarm (2003)
Kertier oer fiven Tullamore Dew Ik wol hjir wei Bliksem Beitske Country Line 35+ Sjoukj is dea Kloaten foar it blok De Fuotte-Fetisjist Lit jim gean Friezen In stikje ut de film Dizze stoarm Foar Sybe