.

Freonskip Lyrics

In dei is fierste koart, der is gjin tiid foar leuke dingen
In drokke baan, in karriêre, grutte auto foar de doar
It is in maatskippij fan sifers, jild en goed presteare
Wy wolle altyd hegerop, mei flag"en wimpel oan "e top.
Wy ferlieze alle moaie dingen samar út it each,
Want sûnder goeie freonen, is it libben kâld en leech.

Want in echte freon is folle mear as goud en sulver om dy hinne
mear as rykdom en besit
Troch waar en wyn, in goeie freon lit dy net troch it tsjuster rinne.
Gelok fier fuort, fertriet tichtby,
In freon is der altyd foar dy,
Echte freonskip bliuwt bestean, hâld it fêst nee lit it nea wer gean.

Goeie freonen binne seldsum, net te finen himelsbreed,
Mar groeit it jild je op "e rêch, dan hast faaks freonen by de fleet.
Jild en status sette minsken samar op"t ferkearde spoar,
want is de rykdom dan foarby, stean je foar de tichte doar.
Echte freonen fynst pas as it mei dy efkes minder giet,
in earm om dyn skouder, dat is wat freonskip hjit

Want in echte freon is folle mear as goud en sulver om dy hinne
mear as rykdom en besit
Troch waar en wyn, in goeie freon lit dy net troch it tsjuster rinne
Gelok fier fuort, fertriet tichtby,
In freon is der altyd foar dy,
Echte freonskip bliuwt bestean, hâld it fêst en lit it nea wer gean.
Minsken komme, minsken gean,
sûnder freonen kinsto net bestean.
In grap, in mop of goed petear,
In echte freon stiet altyd foar dy klear.

Want in echte freon is folle mear as goud en sulver om dy hinne
mear as rykdom en besit
Troch waar en wyn, in goeie freon lit dy net troch it tsjuster rinne
Gelok fier fuort, fertriet tichtby,
In freon is der altyd foar dy,
Echte freonskip bliuwt bestean,
hâld it fêst en lit it nea wer gean.
hâld it fêst en lit it nea wer gean
Report lyrics