.

Bliuw mar thús Lyrics

Freedtemiddei op 'e bank
It hiele wykein foar de doar
Ik pak de krante fan 'e matte
Is der noch wat leuks te rêden bûtendoar?
Film, teater, in konsert yn de Lawei
Kin neat beslúte, fierste folle kar foar my.
Ik ha wol tûzen plannen, mar dêr bliuwt it altyd by
Ik kom ta gjin beslút dus ik bliuw, bliuw hjoed mar thús.

Ik sil hûndert reizen meitsje
'k sil de hiele wrâld talaitsje
Ik sil berch en lân fersette,
Nimmen kin my ea belette
Mar myn dreamen, no as letter
Falle altyd yn it wetter,
Ik kom ta gjin beslút,
dus ik bliuw, bliuw mar wer thús.

De fekânsje komt der oan
Noch ien wike wurkje en dan is it wer safier,
Fjirtjin dagen bûtenlân
Wêr soe de reis dochs hinne gean dit jier.
Auto, fleantuch of dochs de trein
Hotel, in húske of dochs kampearterrein.
Allerhanne twivels, de ûnwissens is folslein
Ik kom ta gjin beslút, dus ik bliuw dit jier mar thús.
Ik sil hûndert reizen meitsje
'k sil de hiele wrâld talaitsje
Ik sil berch en lân fersette,
Nimmen kin my ea belette
Mar myn dreamen, no as letter
Falle altyd yn it wetter,
Ik kom ta gjin beslút,
dus ik bliuw, bliuw mar wer thús.
Fan alles wat my dwaande hâld
Mar neat wer't ik yn slagje kin
Fan al it moais yn dizze wrâld,
is neat my echt nei 't sin

Ik sil hûndert reizen meitsje
'k sil de hiele wrâld talaitsje
Ik sil berch en lân fersette,
Nimmen kin my ea belette
Mar myn dreamen, no as letter
Falle altyd yn it wetter,
Ik kom ta gjin beslút,
dus ik bliuw, bliuw mar wer thús
Report lyrics