.

Eltse grins foarby Lyrics

Eltse grins foarby

it read beskynt de greiden, de jûn falt oer de mar
dêr stean se mei har beiden en hy sjocht noch ris nei har
se stean foar harren hutte fan pôlen, liem en reid
syn hân leit op har skurte, hy wurdt mei koarten heit
it jier hast fyftjin hûndert, feroare maatskippij
se lije der net ûnder, se fiele harren frij
der is faaks wol wat geande, hy moat soms op oarlochspaad
mar wêr `t se eins foar steane, no dat wurdt er nea gewaar
dochs ha se neat te kleien en al hawwe se gjin jild
it iten dat se krije is de rykdom fan it fjild
it jier hast fyftjin hûndert, in nije hearskippij
se bûge der net ûnder, se bliuwe altyd frij
de sinne skynt al ieuwen oer ús lân
bringt de iere moarn, eltse dei opnij
de wyn hellet noch alle dagen oan
giet fan lân nei lân, eltse grins foarby

it read beskynt it kampke, de jûn falt oer de stêd
der boartet in lyts famke, noch in skoftsje aanst op bêd
se jeuzelt hûndert út, de taal dy`t mem har bybrocht hat
har heit ropt troch it rút dat se nei binnen komme moat
it jier no hast t***ûzen, Europa dat wurdt nij
it famke sjongt en dûnset en laket dan nei my
de sinne skynt al ieuwen oer ús lân
bringt de iere moarn, eltse dei opnij
de wyn hellet noch alle dagen oan
giet fan lân nei lân, eltse grins foarby

de sinne skynt al ieuwen oer ús lân
bringt de iere moarn, eltse dei opnij
de wyn hellet noch alle dagen oan
giet fan lân nei lân, eltse grins foarby
Report lyrics