.

De partisaan Lyrics

Doe't de fijân op ús of kaam
koe ik my net samar oerjaan
Leaver dea as slaaf
Ik naaide út, it lân yn
Myn famylje ha se krigen
tsjin de muorre slein as miggen
Mar ik haw gjin eangst
Ik bin in man mei freonen

In gernierke hat ús holpen
liet ús sliepe yn syn stâlen
Mar hy waard ferret
Wat gûlde, wie de kûgel
En al myn trije maten
waarden fuorre oan soldaten
Mar myn hert slacht troch
Myn lichem is myn libben

Oh, de wyn, de wyn dy't rûzet
en myn bloed, dat bûnst en brûzet
as in frijheidsliet
Ea sille wy wer dûnsje
Doe't de fijân op ús of kaam
koe ik my net samar oerjaan
Leaver dea as slaaf
Report lyrics
Top Sido Martens Lyrics