.

Syn brief Lyrics

SYN BRIEF

dy dei kaamst my yn 'e mjitte en do rûnst
sjongend op it strân, ik waaide út en ergens
fleach de wylster foarby yn in wolk fan mist
it hindere net, dy dei wie lang genôch foar ús
sacht helle ik de wylster oan, do hiest my
by de hûd krigen en de sinne sakke dy dei
swier myn hert yn, doe't dyn skriemen skril
syn twa wjukken bruts, syn snaffel skeinde

ik waard it donkere binnenste fan dyn ferhaal
en yn myn donkerste binnen waard ik in fûgel
do seidest, jou my dyn wiete, tsjustere blik
jou my dyn hannen en jou my hiel dyn hert
mar de nacht is foarby, de wylster sit deunby
de rûzige see, en hy fluitet syn eigen ferhaal

wat witsto fan fertriet, it is myn jas hjoed
lit my de hûd, lit my myn gouden wjukken
en asto my op in winterdei wer sjongen hearst
dan witst hoefolle kleur at dit iensum hert hat
ik waard it donkere binnenste fan dyn ferhaal
en yn myn donkerste binnen waard ik in fûgel

Tekst: Albertina Soepboer
Muziek: S. Pruiksma/ W. Veenstra/ N. Laverman
Report lyrics
De Maisfrou (2006)
Gjin begjin Riedsel Man op it sân De wite moarne Myn blauwe bruja Praat fan de wyn Salang Fan dy langstme Leafdesbang Oant de diggels Weefsel Por mi pasión Syn brief Swarte ierde Kear De frou fan mais Bonustrack: Hambre del alma