't Wie op in freedtejûn, yn in barstensfolle kroech
Der stie wat folk te spyljen en ik, ik wie wat slûch
Doe seach ik dy dêr sitten, op 'e hoeke fan 'e bar
Ik wie op slach wer wekker en fuort wat yn 'e war
Want ik wit net oftst it witste mar dû bist in prachtich wiif
Myn hert begjint te bûnzjen, jagest de huvers troch myn liif
Fan 't hier oant oan 'e teannen bin 'k dweiltrochwiet fan 't swit
'k Soe sizze 't is in grypke as ik net better wist
Bliksem Beitske famke, wat dochstû my dochs oan
Ik wit dû kinst 't net helpe, mar dit rint út 'e hân
'k Hie alles op in rychje en ik die gjin klap ferkeard
mar bliksem Beitske famke, 't is krekt as ha 'k neat leard
Dyn eagen binn' as markes, sa skriuwt ús de poëet
Dêr't ik wol yn fersûpe wol, myn lytse leave skeet
Dyn lippen read as beikes fan de alderswietste soart
En ik, ik bin sûkerbek en priuw se by it soad
Dus ik sil 't noch mar ris sizze, bist in frommes as gjin oar
En astû nei my lakest, wurd ik sûnder drank ek smoar
De flinters yn 'e mage en dû spoekest yn myn kop
En ast foar altyd by my bliuwst bistû myn leave pop

Dus as in sike manljushin rin ik hjir troch de stêd
Der is mar ien ding dat ik wol en dat 's mei dy op bêd
Achter dyn breiden broekje, jou ik my dan wol del
En astû my dan tutest, krij 'k einepikefel
Dus foar de alderlêste kear, dû bist folslein unyk
En at 'k mysels in hoanne neam, wês dû dan dochs myn pyk
Ik soargje foar dyn aaikes, dû bist foar my it sâlt
En mei in hok fol neiteam, wurde wy tegearre âld